Plysje hâldt brânstichter oan

18 feb 2006 - 12:40

Yn Frjentsjer is tongersdei in 34-jierrige ynwenner fan dy stêd oanhâlden yn ferbân mei brânstichting yn syn eigen wente oan It Ankerplak. De man hat om noch ûnbekende reden syn gerdinen yn de brân stutsen. De brânwacht hat de brân blust.

De man is oerbrocht nei it plysjeburo. Earder op de dei wie de man ek al oppakt foar fertinking fan fernielings. Hy soe oan It Ankerplak autoruten ferniele mei in hamer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)