Ynbraken yn Fean en Ljouwert

© Omrop Fryslân
Op it Hearrenfean is yn de nacht fan tiisdei op woansdei ynbrutsen yn twa wenten oan It Vliet en de Amelânstrjitte. En yn Ljouwert wie it raak yn de nacht fan woansdei op tongersdei yn de Rembrandtstrjitte en Saskiastrjitte. Under oaren twa beurzen, twa jassen en in platte televyzje waarden stellen.
Yn Hearrenfean waard de achterdoar iepenbrutsen. Yn Ljouwert binne de dieven nei binnen 'angele'.