Eigen namme foar stimwizer Fean

© Omrop Fryslân
De gemeenteried fan it Hearrenfean hat besluten in eigen namme te jaan oan de stimwizer de Feanster Stimhelper. Dat is nedich, omdat de inisjatyfnimmers fan de lanlike Stemwijzer dizze namme fêstlein hawwe. Hjir is Hearrenfean net by oansluten.
Sûnt de yngebrûkname fan de stimwizer op it Hearrenfean is de pagina al sa'n 250 kear opfrege en binne der al sa'n 4000 fragen beantwurde. De stimwizer is te finen op www.heerenveen.nl.