Dronken autoriders oppakt

19 mrt 2012 - 09:54
bier - Foto: © Omrop Fryslân

Twa malju binne snein oanhâlden foar dronken riden. In 42-jierrige man út Sint Anne wie sneintemiddei op de Middenwei-West de klos. De plysje naam him mei nei buro en dêr moast er blaze. Hy krige in proses-ferbaal.

In 30-jierrige Tsjummearumer krige ek in proses-ferbaal foar dronken riden. Hy waard sneintenacht troch de plysje steande hâlden yn de Rinze Werkhovenstrjitte yn Frjentsjer. Njonken it proses-ferbaal krige de Tsjummearummer ek noch in rydferbod fan seis oeren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)