Ljouwert pakt dwerslizzers oan

18 feb 2006 - 12:39

Ynwenners fan Ljouwert dy't mei opset sin regels en wetten brekke wurde tenei stevich oanpakt. Boargemaster Dales tekent dêr moandei in konvenant oer mei it Ryk, mei justysje en de plysje.

De ôfspraken binne foaral bedoeld om misstannen op plakken as guon wenweinsintra, bordelen en achterstânswiken oan te pakken. Der moat sa ûnder oaren in ein komme oan it bedriigjen fan plysjeminsken, as dy dêr komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)