Accoladegroep keapet stadion net

18 feb 2006 - 00:00

De Accoladegroep sil foarearst it Cambuurstadion net keapje. De wenningboustifting en projektûntwikkelder fan It Hearrenfean is foarlopich ôfheakke en sil de keappriis fan 9,5 miljoen euro dus net betelje.

De fjouwer Ljouwerter sakenlju, dy't Cambuur earder al rêden hawwe mei in bydrage fan goed 500.000 euro, binne no de belangrykste kandidaten om it stadion te keapjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)