Unbekend fioelkonsert fûn

© Omrop Fryslân
Der is in noch noait spile fioelkonsert fûn fan de ferneamde komponist Johannes van Bree, troch dirigent Tjalling Wijnstra. Van Bree wenne yn it begjin fan de 19e ieu in skoft yn Minnertsgea.
Wijnstra wie foar in teaterkonsert fan it Nieuw Philharmonisch Orkest op syk nei wurken fan Van Bree en fûn yn it Nederlands Muziekinstituut de ûnbekende partijen. It stik sil op 16 juny troch it Philharmonisch Orkest spile wurde yn de Meinardstsjerke yn Minnertsgea.