Wach wêze op fûgelgryp

© Omrop Fryslân
Meiwurkers fan Steatsboskbehear en it Fryske Gea binne wach op mooglike ferskynsels fan fûgelgryp yn Fryslân. It Fryske Gea is sels frege om út te sjen nei deade swannen, omdat by dy fûgelsoart de krupsje it measte opdûkt.
It falt Steatsboskbehear fierder op dat minsken yn wetterrike gebieten it folle gauwer trochjouwe, as se deade fûgels waarnimme. Minister Veerman fan lânbou hat woansdei besletten ta ophokplicht foar plomfee en wetterfûgels.