Pompeblêden yn granyt?

© Omrop Fryslân
Tinkstiennen en mist, óf pompeblêden yn granyt. Dat is de kar dy't de Ljouwerter polityk meitsje moat foar de oanklaaiing fan it Aldehoustertsjerkhôf. De twa ûntwerpen waarden woansdei presintearre oan de riedskommisje.
De riedsleden koene net direkt in kar meitsje. Se wolle der even oer neitinke. Al te lang mei dat net duorje. Foar ein nije wike moat der in beslút lizze.