Aldegea (W) krijt nije skoalle

© Omrop Fryslân
Aldegea Wymbrits krijt in nije basisskoalle. De gemeente hat besletten dêr 1.4 miljoen euro foar út te lûken. It âlde gebou fan de kristlike basisskoalle Klaver Trije foldie al jierren net mar oan de easken.
De skoalle wurdt boud yn de nije wenwyk fan Aldegea. Takom jier wurdt útein set mei it wurk. Op it plak fan de âlde skoalle komme nije wenten.