Brûns foar Nederlanners

17 feb 2006 - 10:05

De Nederlânske reedriders hawwe by de Olympyske Spelen in brûnzen medalje wûn by de ploege-efterfolging. De ploech mei dêryn Sven Kramer en Rintje Ritsma wûn fan Noarwegen.

De Nederlanners wiene favoryt foar it goud. Troch in dramatyske falparty waard de kâns dêrop lykwols ferspile. Sven Kramer stapte op in blokje en gie yn 'e bocht ûnderút. It is foar Rintje Ritsma syn sechde Olympyske medalje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)