3 jier easke foar mishanneling

17 feb 2006 - 09:41

Foar de Ljouwerter rjochtbank is tongersdei 3 jier selstraf, wêrfan 6 moanne op betingst, easke tsjin in frou út Bûtenpost(31) en in Driesumer(32) fanwege slimme mishanneling fan in frou út Dokkum(24). De frou út Dokkum waard yn oktober ferline jier yn har eigen hûs fêstbûn op in stoel en sa slim tamtearre, dat it neffens justysje delkomt op poging ta moard.

De Driesumer filme it ynsidint mei syn mobile tillefoan. Utspraak oer 2 wike.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)