Beleanning foar tip brân O'wâld

16 feb 2006 - 23:56

Der is in hege beleanning útloofd troch in detektiveburo foar ynformaasje oer it yn brân stekken fan it klubgebou fan de scouting by Oranjewâld. De brân wie op sneon 7 jannewaris. Buro Mulder yn Swolle hat út namme fan de fersekeringsmaatskippij in soad jild oer foar ynformaasje, dêr't se de dieder mei fine kinne.

Neffens Mulder giet it om in bedrach, dêr't je wol fan op fakânske kinne. De plysje is bliid mei de oprop.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)