Ritsma net wis fan efterfolging

© Omrop Fryslân
It is net wis oft reedrider Rintje Ritsma tongersdei ek meidocht oan de ploege-efterfolging by de Olympyske Spelen. Dêr wurdt pas nei it ynriden in beslút oer naam. De ploech komt yn de heale finale út tsjin Italië. Kanada moat it yn de oare heale finale opnimme tsjin Noarwegen.
Ritsma kaam woansdei yn de earste omloop oan 'e start. Hy ried mei Verheijen en Tuitert. Verheijen ride dêrnei mei Kramer en Wennemars.