Ophokplicht foar plomfee

© Omrop Fryslân
Eigners en hâlders fan plomfee moatte fan moandei ôf har bisten ôfskermje fan wylde fûgels. Dat hat minister Veerman fan Lânbou woansdeitemiddei bekend makke. Dizze ophokmaatregels jildt foar hiel Nederlân en is bedoeld om de fersprieding fan fûgelgryp tsjin te gean.
Minsken dy't har plomfee fan moandei ôf wol losrinne litte, binne strafber. De Minister komt mei de maatregel om't de fûgelgryp al oprukt is nei Dútslân.