Hearrenfean ferliest kânsleas

16 feb 2006 - 11:44

SC-Hearrenfean hat it earste duel yn de 3e ronde fan de UEFA-beker woansdeitejûn kânsleas mei 1-3 ferlern fan Steaua Boekarest. De Friezen namen yn it Abe Lenstra Stadion healwei de earste helte in foarsprong troch in doelpunt fan Arnold Bruggink, mar yn de 30-ste minuut waard it gelyk fia Dica.

Fier yn de twadde helte makke Steaua it kerwei ôf troch doelpunten fan Goian en Paraschiv. Takom wike tongersdei is de return yn Boekarest.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)