Bedriuwen yn race Gouden Giraffe

© Omrop Fryslân
Gull Projektmanagement út Seisbierrum en advys en organisaasjeburo Noordplan út Ljouwert binne nominearre foar de saneamde 'Gouden Giraffe 2006'. It giet hjir om de âldste eveniminten fakpriis fan Nederlân. De bedoeling is om it meast kreatyve evenemint te ûntwerpen.
It evenemint wêr beide bedriuwen mei nominearre binne is fiering fan it 100-jierrich bestean fan de Keninklike CSK food enrichment yn Ljouwert. Op 15 maart is de finale yn Amsterdam.