5e Olympyske Spelen foar Ritsma

© Omrop Fryslân
Mei syn Olympysk optreden woansdei yn de ploege-achterfolging waard reedrider Ritsma Nederlânsk rekordhâlder at it giet om dielname oan de Olympyske Spelen. Turijn is Ritsma syn 5e Olympyske wintertoernooi. Dat rekôrd stie op namme fan âld-reedrider Kees Broekman mei 4 kear.
Ritsma debutearre yn 1992 en wie ek yn 1994, 1998 en 2002 fan de partij. Ritsma wûn yn totaal 2 kear silver en trije kear brûns.