Untheffing foar aaisykjen

16 feb 2006 - 09:45

Nei alle gedachten kin der fan it maityd gewoan ljipaaisocht wurde yn Fryslân. De provinsje sil in ûntheffing jaan foar twa jier, no't in eksterne kommisje sein hat dat de nije opset foar it aaisykjen der goed útsjocht.

Neffens dy nije opset wurdt it sykseizoen in goede wike koarter, meie allinne leden fan it bûn fan Fryske Fûgelwachten mei in neisoarchpas it lân yn en mei yn guon gebieten net socht wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)