Sigeuners Reduzum moatte fuort

15 feb 2006 - 16:39
Foto: Omrop Fryslân

In groep sigeuners dy't sûnt inkelde dagen mei har karavan op it carpoolplak by Reduzum steane, moatte dêr wei. Dat hat de plysje de minsken woansdeitemoarn meidield.

Op it stuit stean der seis karavans. De sigeuners ha oanjûn dat se yn de rin fan de dei fuortgean sille. It is net dúdlik wêr't de groep no hinne giet.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)