Ferbouwing Martenahûs klear

15 feb 2006 - 13:57

De ferbouwing fan it Martenahûs en de nijbou njonken de stins yn Frjentsjer is klear. Tongersdei draacht de oannimmer de saak oer oan de gemeente en it bestjoer fan it Martena Museum.

Dêrnei moatte alle sealen ynrjochte wurde. Dat moat mei faasje, want it museum moat yn july iepen foar it publyk. It nije diel fan it museum is al yn gebrûk naam. Yn it nije ûnderkommen is de kolleksje fan museum it Coopmanshûs ûnderbrocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)