Wenningbrân yn Ljouwert

15 feb 2006 - 12:19

By in brân yn in hûs oan de Familie Van der Weijstrjitte yn Ljouwert is tiisdeitejûn ien man ferwûne rekke. De brân ûntstie nei alle gedachten yn in panne, wêrnei't ek de wasemkap yn 'e brân fleach.

De bewenner fan it hûs besocht it fjoer sels út te meitsjen en rekke dêrby ferwûne. Hy is mei de ambulanse nei it sikehûs. De brânwacht hat de brân útmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)