Utspraak oer BV Sport yn juny

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert is foarsichtich posityf oer de ferwachte útspraak fan de Hege Rie oer de belestingkwestje fan de BV Sport. De útspraak wurdt uterlik yn juny fan dit jier ferwachte. De BV Sport hat yn 2004 in neiheffing krigen fan de belestingtsjinst fan 5,1 miljoen.
De belestingtsjinst sjocht de BV Sport nammentlik as in kommersjele ûndernimming en soe dêrom btw betelje moatte. It wachtsjen is no dus op de útspraak fan de Hege Rie.