Skalsumer Jorryn oan de top

© Omrop Fryslân
Ien fan 'e bollen fan fokker Hessel Agema út Kollumerpomp is op dit stuit ien fan 'e bêste fan Nederlân. De bolle mei de namme Skalsumer Jorryn is de fiifjierrige pakesizzer fan de wrâldferneamde Sunny Boy út Skalsum.
Syn hege produksje en goeie duorsumens meitsje dat hy by de top fan Nederlân heart. As de bolle ek noch in hege skoare hellet foar it uterlik, dan wurdt it best mooglik útroppen ta bêste bolle fan 'e wrâld.