Undersyk nei tunnel Burd

15 feb 2006 - 09:16

Boumaatskippij Koninklijke Bam Groep wol fergees de helberens ûndersykje fan in tunnel ûnder it Prinses Margrietkanaal nei de Burd by Grou. De Bam Groep hat dit oanbean oan de gemeente Boarnsterhim.

Op dit stuit fart der noch in pont nei de Burd, mar dat kin lang net út. De gemeente moat der alle jierren in slompe jild bylizze. Dêrom wurdt der al langer praat oer it djoerder meitsjen fan 'e kaartsjes foar de pont.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)