OMF ûnderskiedt dakkapel

18 mrt 2012 - 18:14

De organisaasje fan muzykferienings Fryslân OMF hat sneon de Blauhúster Dakkapel yn it sintsje set. De dakkapel mocht sneon it grutte Concertconcours fan it OMF yn Surhústerfean ôfslute. Dêrby waarden alle leden fan de Dakkapel ûnderskieden foar harren grutte fertsjinsten foar de blaasmuzyk.

De Blauhúster Dakkapel is ea begûn op it Concertconcours fan it OMF en hie oanjûn dêr noch graach in kear spylje te wollen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)