Voith goedkeaper as Nedtrain

15 feb 2006 - 09:07

Voith Railservises kin it ûnderhald foar de treinen fan Noordned dwaan foar de helte fan de priis dêr't Nedtrain it no foar docht. Dat sei direkteur Kuiper tiisdei by it slaan fan de earste peal yn Ljouwert.

It is foar it earst yn Nederlân dat in oar bedriuw as Nedtrain it ûnderhald fan treinen docht. Voith hat yn ferskate lannen 25.000 minsken oan it wurk. Se ûnderhâlde grutte masines en wurkje yn de papieryndustry.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)