Brânstichter oppakt yn Ljouwert

15 feb 2006 - 06:06

By in wenningbrân yn de Ljouwerter Jongkindstrjitte is moandeitenacht in man oanhâlden op fertinking fan brânstichting. De plysje trof twa manlju achter de baarnende wenning oan. It wiene de bewenner en de melder fan de brân. De bewenner is in bekende fan de plysje. Hy is oerbrocht nei it buro.

Letter die bliken dat it giet om brânstichting. De brânwacht hat it fjoer útmakke. Fjouwer wenten hawwe skea oprûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)