Belangstelling foar donornier

15 feb 2006 - 06:05

De belangstelling foar de donornier fan Leo Kampen (49) út Damwâld nimt ta. Kampen bea ferline wike op in briefke yn supermerken yn Dokkum ien fan syn twa nieren oan. Sa wol er in nierpasjint út de brân helpe.

In 44-jierrige man út Beetstersweach hie him al melden. Mar hy kin Kampen syn nier net krije op medyske grûnen. De man wachtet al twa jier op in donor. Ek út Brabân en Seelân wei is ynteresse toand.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)