Fryske disko's brânfeilich

© Omrop Fryslân
Fryske diskoteken foldogge oan 'e easken foar brânfeiligens. Dat docht bliken út in lanlike ynspeksje troch it ministearje fan VROM. By twa fan 'e tritich dancings wie de situaasje sa min dat daliks yngrypen needsaaklik wie.
Yn Fryslân waarden De Bult yn Bakkefean, Sans Souci yn Bertsum en Dancing Quatrabras yn Noardburgum kontrolearre. By dy lêste moast inkeld de stookhok-isolaasje oanpast wurde.