Koart pleit Steinvoortekreakers

© Omrop Fryslân
De kreakers moatte út it âlde kantoar fan makelaar Steinvoorte oan it Suderplein yn Ljouwert en it gebou dêrneist wei. Dat wol de eigner de stichting Roelof Steinvoorte.
Foar de rjochtbank yn Ljouwert tsjinnet tongersdei in koart pleit oer de saak. As de rjochter ta ûntromming beslút, moatte de kreakers der yn 72 oeren tiid út wêze, oars komt de plysje derby. De kreakers hâlde al hast trije jier de gebouwen beset.