Unyk stimpel foar fersetsmuseum

14 feb 2006 - 11:36

It Fersetsmuseum Ljouwert krijt in unyk stimpel dêr't yn de Twadde Wrâldoarloch de letter 'J' mei yn persoansbewizen fan Joaden stimpele waard. De stimpels binne nei de oarloch - út skamte - hast allegearre weiwurden, omdat doe it besef kaam dat in J-stimpel eins in deafûnis betsjutte.

It stimpel is nei de oarloch meinommen troch Wim van Mourik. Syn soan Tom van Mourik jout it stimpel no oan it Fersetsmuseum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)