Wedzje op draverij op tillevyzje

14 feb 2006 - 11:30

De drafbaan yn Wolvegea wol de draf- en rensport better op 'e kaart sette mei help fan in tv-programma. Op SBS6 is fan 't simmer in programma te sjen dat de draverijen folget. Publyk kin oer ynternet of oer de mobile telefoan jild ynsette.

De drafbaan yn Wolvegea kampt mei tebekrinnende ynkomsten. It wedzjen oer de tillevyzje soe dy trend keare moatte. De belangstelling foar de drafsport moat sa ek stimulearre wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)