Achtkarspelen by CWI Dokkum

© Omrop Fryslân
B en W fan Achtkarspelen wolle net meigean mei it foarstel fan it CDA foar oansluting by it Centrum voor Werk en Inkomen yn Drachten. It kolleezje hâldt fêst oan de kar foar it CWI yn Dokkum.
It CDA fynt dat Drachten in rommer oanbod fan wurk en banen hat en foar it súdliker part fan de gemeente better berikber is. Mar neffens B en W ferdwynt it besteansrjocht fan it CWI yn Dokkum as Achtkarspelen him oanslút by Drachten.