Agressive sjauffeur yn Drachten

© Omrop Fryslân
In 33-jierrige automobilist út Drachten is sneintenacht troch de plysje oanholden. De man ried mei hege snelheid troch Drachten. Op de krusing mei de Leidyk ried er rjochttroch de stoepe op en dêrby rekke in bân fan de auto lek. De man stapte út en gie rinnend fierder.
Uteinlik koe de plysje de man oanhâlde. Syn rydbewiis is ynnaam en der is proses-ferbaal opmakke foar riden ûnder ynfloed en agressyf en ûnfeilich riden.