Berging konteners útsteld
De berging fan de konteners by Skylge sil nei alle gedachten noch efkes op him wachtsje litte. Neffens in wurdfierder fan bergingsbedriuw Wijsmuller út IJmuiden makket de waarsferwachting de berging de kommende dagen ûnmooglik.
Rykswettersteat hat oant no ta 29 konteners lokalisearje kinnen. Fan 17 is noch net bekend wêr't se binne.