Enerzjy-primeur foar Tsjom

14 feb 2006 - 09:58
Foto: Omrop Fryslân

It doarp Tsjom hat in primeur mei de earste hinnedong-fergas-ynstallaasje fan de wrâld. Dy stiet by pikehâlder Wilco Atsma.

De ynstallaasje fergast pikestront en set it om yn enerzjy. It giet om in proefprojekt fan de Stichting Biomassa Noard-Nederlân dy't de romte fan Atsma hiert. De ynstallaasje kostet goed 3 miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)