Wer fariant op Sintrale As

© Omrop Fryslân
Der is wer in alternatyf foar de Sintrale As, de ûntslutingsdyk dy't komme moat tusken Dokkum en Nijegea. Der wie al 'de Sintraalste As' en in '80 plus fariant' fan de FNP.
Moandei presintearre Grien Links syn alternatyf: De Normale As. Normaal omdat er net folle ôfwykt fan de rûte dy't minsken no folgje tusken Dokkum en Nijegea: de besteande rûte wurdt opknapt mei superrotondes, ûngelikense krusings en fytstunnels.