Bos: 'hingplakken' foar âlderein

14 feb 2006 - 09:51

De PvdA wol spesjale hingplakken foar âlderein meitsje om foar te kommen dat 65-plussers yn in sosjaal isolemint bedarje. Dat is ien fan 'e punten yn it PvdA-plan 'Met hart voor ouderen' dat de partij moandei presintearre yn Erasmushiem yn Ljouwert.

PvdA-lieder Wouter Bos wie moandei yn Ljouwert om te praten oer âldereinbelied. De PvdA wol foarkomme dat âldere minsken frustrearre wurde troch burokrasy yn 'e soarchsektor.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)