B.C. Epker krijt G. Benner-priis

© Omrop Fryslân
Keunstner B.C. Epker út Ljouwert krige sneon de provinsjale Gerrit Benner-priis. It wie de earste kear dat dizze twajierlikse keunstpriis útrikt waard. De wurken fan Epker wiene útkeazen út 28 ynstjoerings. De keunstner waard yn 1968 berne yn Harns en hat oant no ta allinnich yn Nederlân eksposearre. Syn foarstellings binne in mjuks fan dreamen, driften, bylden en fantasije. Caro Kroon en Alex Kooistra krigen in earfolle fermelding.