Snitser krijt glês yn gesicht

12 feb 2006 - 16:23

In 17-jierrige Snitser is sneontenacht ferwûne rekke doe't er in glês yn it gesicht treaun krige. De jonge man woe in freon help dy't rúzje hie yn in kroech oan de Merkstrjitte yn Snits. Doe't er tuskenbeide kaam, krige er it glês yn it gesicht.

Mei ferwûnings is er oerbrocht nei it sikehûs yn Snits. Mei inkelde hechtings koe er letter wer nei hûs. Hy hat oanjefte dien fan mishanneling. De plysje siket noch nei de dieder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)