Rûnliedings Aldehoustertsjerkhôf

© Omrop Fryslân
De argeologyske opgravings op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert binne op it stuit yn folle gong. Sneon waarden der rûnliedings jûn foar publyk troch argeolooch Jan Willem Oudhof.
Foar de rûnliedings wie in soad belangstelling. Goed 120 ynteressearren diene mei. Tusken 500 en 1000 foar Kristus wiene op de Aldehouterp folop bebouwing te finen. Fanôf wike 7 wurde de fynsten útstald yn de hal fan it Stedskantoar.