Boargerinisjatyf T'steradiel

12 feb 2006 - 15:14

Ynwenners fan Tytsjerksteradiel kinne ek yn de takomst sels ûnderwerpen op de aginda fan riedsgearkomsten sette. It gemeentebestjoer fan Tytsjerksteradiel fynt dat in proef mei it saneamde boargerinisjatyf goed foldien hat.

De ôfrûne trije jier is der lykwols mar trije kear in boargerinisjatyf yntsjinne. It kolleezje fan B&W tinkt dat ynwenners noch wat ûnbekend binne mei it boargerinisjatyf. Promoasje soe dêrom goed wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)