Opknapbeurt begraafplak Skier

© Omrop Fryslân
It gemeentebestjoer fan Skiermûntseach wol it begraafplak op it eilân opknappe. Der moatte nije paden oanlein wurde en der moat in urnefjild komme. No is der in urnemuorre, mar guon minsken fine dat net moai. De muorre is der boppedat min oan ta.
Fierders soe der ek in kommisje komme moatte dy't útsiket wat by it kultureel begraffenis-erfguod fan Skiermûntseach heart en dus bewarre bliuwe moat.