Sint Piter oankaam yn Grou
Sint Piter en syn Pyt binne sneon wer oankaam yn Grou. De âld man út Spanje hie wer in hiel soad pakjes by him. Hy is noch hiel populêr by de Grouster bern en ek by de folwoeksenen. Foar de nije boargemaster Ella Schadd wie it ek spannend, want sy moete Sint Piter foar it earst.
Sint Piter gong mei it hynder nei it plein yn Grou. Dêr wie it grut feest.