Drachtster Boys wint derby

© Omrop Fryslân
De derby tusken Harkemase Boys en Drachtster Boys waard sneontejûn ferrassend wûn troch Drachtster Boys mei 1-2. By rêst wie de stân 0-1 troch in doelpunt van Marc de Wit.
Nei rêst makke Martijn Liefers de 0-2. Erdem Yeni skoarde yn de 80ste minút noch wol de 1-2 mar fjirder kamen de harekieten net. Drachtster Boys stiet no op in dield tolfde plak. Harkemase Boys bliuwt twadde, op 7 punten fan koprinner ONS Snits.