Jonge (15) ferwûne by oanriding

12 feb 2006 - 11:06

In 15-jierrige jonge is freedtemiddei ferwûne rekke by in oanriding yn Harns. Hy fytste mei in pear freonen oer de Yndustrywei en kaam, doe't er de foarrangswei Kanaalwei opried, yn botsing mei in auto.

De 59-jierrige ynwenner fan Harns koe sa hurd net remje en de fytser foel op de motorkap. Hy is mei in seare skonk nei it sikehûs yn Ljouwert ta brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)