Hûs ôfbaarnd yn Burdaard

© Omrop Fryslân
In wenningbran had freed foar opskuor soarge yn Burdaard. Oan it begjin fan de jûn bruts brân út yn in wente oan de Haadwei. De eigner koe tegearre mei syn dochter noch krekt fuortkomme mar al gau stie it hiele hûs yn ljochte lôge.
Yn it doarp wie ek krekt in karnavalsfeestje foar bern. Dêrom wiene der in soad minsken op de dyk. De brânwacht hie in soad moeite it fjoer ûnder kontrôle te krijen. De oarsaak fan de brân is noch ûnbekend.