MKB: Oerheid hat tefolle regels

11 feb 2006 - 17:48

Bedriuwen binne tefolle jild kwyt om foldwaan te kinne oan alle regeljouwing fan de oerheid. Jierliks giet it dan om 10 oant 15 persint fan de omset. Undernimmersorganisaasje MKB-Noard ropt gemeenten op om dat werom te bringen ta maksimaal 3 persint.

Foarsitter Rutger Boelsma fan MKB-Fryslân seit dat benammen bedriuwen mei minder as tsien wurknimmers in soad lêst fan alle regels en burokrasy.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)