Kustwacht siket konteners

11 feb 2006 - 17:09

Yn de Noardsee boppe Skylge wurdt mei in spesjale sonarboaten socht nei konteners dy't tongersdei fan in skip ôffallen binne. Fan de 58 konteners dy't oerboard slein binne troch stoarmwaar, binne alve oanspield op it strân fan Skylge.

De kustwacht sil earst foaral sjen nei konteners dy't yn de drokke farrûte boppe it eilân driuwe. Dêrnei wurdt mei sonarapparatuer nei sonken konteners sjocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)